Aksidint Ungemak

In ûngemak, ûngelok of aksidint (fan it Frânske accident) is eat dat ûnferwachts en by fersin misrint, mei (meastal) materiële skea en/of lichaamlik letsel as gefolch.

Ungemakken komme faak foar yn it ferkear, mar ek gewoan thús kin men in ûngemak krije, want, sa't it sprekwurd seit: "in ûngemak sit yn in lytse hoekje". De meast foarkommende oarsaken fan ûngemakken binne minsklike flaters (benammen ûnoplettendheid en gebrek oan konsintraasje), organisatoaryske flaters en brekmen oan meganyske ûnderdielen fan fiertugen of oare apparaten.

Aksidint Ungemak
In ferkearsûngemak.

Thús hawwe ûngemakken almeast te krijen mei in fal. Men kin dan tinke oan fallen fan in kokentrepke, by de trep del fallen, of útglydzjen op wiete tegels, bygelyks ûnder de dûs. Oarsoartige ûngemakken thús komme foar as men ark en reau brûkt en men jinsels bgl. mei de hammer op 'e finger slacht, of jinsels ferwûnet mei elektryske apparaten, lykas in boarmasine, in dekûpearseage, in skuormasine of in elektryske haachskjirre. Fierders krije in protte lju op wintersport sky-ûngemakken, wêrby't se faak in skonk of in earm brekke.

Under ferkearsûngemakken ferstiet men yn 'e regel ûngemakken op 'e iepenbiere wei wêrby't auto's, frachtweinen, autobussen, motorriders, bromfytsers, fytsers en/of fuotgongers belutsen binne. Fierders binne der ek noch treinûngemakken, fleantúchûngemakken en skipsrampen. Men sprekt fan in ramp as der tige grutte skea oanrjochte wurdt en/of in soad (deadlike) slachtoffers binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

ApparaatFerkearFiertugenFrânskLetselMinsklik lichemSprekwurd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Horatio NelsonFaginaKrystal Swift2023Nicole OringAutoNije TestamintList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lân26 maartEnsyklopedyKomeetMeksikoKeizerList fan planetoïden 43001-44000Baktearje2020NeakenmodelMatearjeNuete BrânnettelUnbemanne fleanmasineLuna SilverTrio (seksualiteit)HolokaustVladimir PûtinOdyssee2015List fan spoarlinen yn NederlânGrutte Synagoge (Tomsk)Victoria CakesTony BeetsWite BrânnettelSkiednisSotsjyFear yn 'e BroekNapelsList fan planetoïden 1001-2000Grins (stêd)5 oktoberMoriah MillsRome (stêd)SlotFerstoarLolita (pornografysk aktrise)Algemien direkteurCalgaryIranSûger (plant)5 septimberJierRagenfridSophie HilbrandPornhubStasjon StedumPrins EdwardeilânDeaKrypetski-kleasterSkriuwerDronrypReidhintsjeIemshavenJeanne d'ArcRepublyk ArtsachMaya Bijou🡆 More