Seksuele Stimulaasje

Seksuele stimulaasje is lykfol hokker stimulâns dy't ta seksuele opwining liedt en dy yn stân hâldt.

Dêrby kin men yn it foarste plak tinke oan lichaamlike stimulaasje troch fysyk kontakt (dat al of net sekssueel fan aard wêze kin) mei in oare persoan. Mar it kin ek om lichaamlike stimulaasje troch jinsels gean of om foarmen stimulaasje dy't net lichaamlik binne (en dus op 'e taastsin berêste), mar ynstee ta jin komme fia oare sintugen, lykas it gesichtsfermogen, it gehoar of de rooksin. Ek geastlike seksuele stimulaasje is hiel goed mooglik, bgl. troch seksuele fantasijen of troch de oantins fan eardere seksuele ûnderfinings.

Seksuele Stimulaasje
Erogene sônes fan it manlik en froulik lichem

By lichaamlike stimulaasje troch jinsels giet it ornaris om stimulaasje fan 'e geslachtsdielen, mar by lichaamlike stimulaasje troch fysyk kontakt mei in oare persoan is it ek mooglik dat men al opwûn rekket troch relatyf ûnskuldige oanrekkings, lykas in hân dy't op in boppeskonk lein wurdt, of in tút op 'e lippen of yn 'e nekke. Seksuele stimulaasje kin einigje mei it berikken fan in orgasme, mar it is likegoed mooglik dat de feroarsake opwining meitiid wer ôfsakket sûnder dat der in orgasme berikt is. Yn 'e regel is der foar it berikken fan in orgasme ferlet fan lichaamlike seksuele stimulaasje fan 'e penis (by manlju) of de klitoris (by froulju).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Tags:

MasturbaasjeMinskeSeksSeksuele fantasijSeksuele opwining

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PrêrjewolfCassandra Wilde21 desimberAbbey BrooksHeechlearaarKoen EekmaKneppelfreedWebsideTennisMaasJohn AdamsHearlikheid FryslânItaalje20e iuwSkaai (taksonomy)Yvette BovaArtefakt (archeology)Jeropeeske UnyAld SelskipOflûken (seksualiteit)Lannen en territoariaRomantyk (leafde)1955ISO 3166-1Grutte pappegaaidoYouTubeMasturbaasjeIerlânYndustriële RevolúsjeTongaNadia KroonLarruak eta IzurrakList fan sterke tiidwurden yn it FryskSam Walton1997Filipynske pappegaaido1945Coralie Trinh Thi18 febrewarisKnier (lichemsdiel)DeastrafSûkerbôleMozilla Firefox9 septimberOanslachMarijn Kuipers29 desimberAlgemien direkteurShalina Devine2009SarajevoMoriah MillsYnterfryske FlaggeLatyn20051939Letlân1852BûdapestAstronoomYves BaillatSake P. RoodbergenRoomsk-Katolike TsjerkePornhubList fan Nederlânske gemeentenSomme (rivier)KosmetikaOerflakSokratesList fan Belgyske keunstskildersBiskop🡆 More