De Amerikaanske dollar is sûnt 1785 de nasjonale muntienheid fan de Feriene Steaten.
Ek yn inkele oare lannen wurd de munt brûkt as muntienheid. De wikselkoers tusken de euro en de dollar is bygelyks €1,- tsjin $1,29. De offisjele ISO-4217-kôde fan de dollar is USD.
Amerikaanske dollar | ||
In biljet fan 1 dollar. | ||
identifikaasje | ||
ISO 4217 | ||
● koade | USD | |
● nûmer | 840 | |
● eksponint | 2 | |
lânseigen namme | United States dollar (Ingelsk) | |
symboal | $; ek: U$, US$ | |
gebrûk | ||
sintrale bank | Federal Reserve System | |
off. brûkers | Feriene Steaten monetêre oerienkomst: ● Br. Famme-eilannen ● East-Timor ● Ekwador ● El Salvador ● Karibysk Nederlân ● Marshalleilannen ● Mikroneezje ● Palau ● Panama ● Turks- en Kaikoseil. | |
fêste wikselkoers | 29 muntienheden (sjoch: hjirre) | |
skiednis | ||
ynfierd | 2 april 1792 | |
ferfong | Kontinintaal jild en útlânske muntienheden | |
ynflaasje | 2,29% (des. 2019) | |
denominaasjes | ||
1/100 | cent; ek: dollar cent, penny | |
symb. 1/100 | ¢ | |
muntjild | ½¢¹, 1¢, 2¢¹, 3¢¹, 5¢, 10¢, 20¢¹, 25¢, 50¢, $1, $2.50¹, $3¹, $5², $10², $20¹ ¹) net mear slein, wol legaal ²) inkeld by spesj. gelegenhdn. | |
papierjild | $1, $2 $5, $10, $20, $50, $100, $500¹, $1.000¹, $5.000¹, $10.000¹ ¹) net mear printe, wol legaal |
Fan de Twadde Wrâldkriich ôf is de dollar de saneamde ‘anker-faluta’. Dit hâld yn dat de priis fan wichtige grûnstoffen as goud, sulver en oalje yn dollars út drukt wurdt. Sûnt de resesje dy’t de wrâld yn 2002 trof komt hjir feroaring yn. De euro wurdt wrâldwiid hieltyd in wichtiger munt, en ek it Sineeske renminbi is dwaande in wichtige muntienheid te wurden.
Ek de oerseeske gebieten fan de Feriene Steaten brûke de Amerikaanske dollar. Dit binne:
Net allinnich de Feriene Steaten brûke de Amerikaanske dollar. Ek in ferskaat oan oare lannen hat dizze munt as muntienheid ynfiert. Dizze lannen binne:
Der binne fierders 29 muntienheden dy't in fêste wikselkoers mei de dollar hawwe, d.w.s. dy't oan 'e dollar fêstmakke binne en dêrom ôfhinklik fan 'e dollarkoerts binne:
Ien dollar is ferdield yn hûndert sinten. Der binne munten fan 1, 5, 10, 25 en 50 sint. Ek is der in ien dollar munt, mar dizze wurdt relatyf net safolle brûkt.
Op de munten fan 25 sint, ek wol ‘Quarters’ neamd, dy’t tusken 1998 en 2008 drukt wurde stiet in opdruk fan in staat fan Amearika, lykas by de euro.
Bankbiljetten binne der fan 1, 2, 5, 10, 20, 50 en 100 dollar. Yn de Feriene Staten ha der oant 1969 ta ferskeidene biljetten beston mei in nominale wearde fan somtiden wol 100.000 dollar. Mar dizze binne út de merke helle. It dollarbiljet fan 2 dollar wurd hast net mear brûkt, dizze liket folle op it biljet fan 1 dollar en de buorgers binne bang foar betizing.
Dollar foar oare lannen dy't ek in muntienheid ha mei de namme 'dollar' mar wêrby it wol om in oare muntsoarte jit.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Amerikaanske dollar, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.