2022: Jier

ԹՎ ՌՆՀԱ

Iuwen: 16e 17e 18e 19e 20e 21e iuw 22e 23e 24e 25e 26e
Jierren: 2017 2018 2019 2020 2021 2022 2023 2024 2025 2026 2027
2022: Foarfallen, Berne, Ferstoarn Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 2022: Foarfallen, Berne, Ferstoarn
2022
MMXXII
Ab urbe condita 2775
Armeenske kalinder 1471

Etiopyske kalinder 2014 – 2015
Hebriuwske kalinder 5782 – 5783
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 2077 – 2078
- Shaka Samvat 1944 – 1945
- Kali Yuga 5123 – 5124
Iraanske kalinder 1400 – 1401
Islamityske kalinder 1444 – 1444
Juliaanske kalinder
 2022: Foarfallen, Berne, Ferstoarn
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder 4718 – 4719

戊丑 – 己寅

2022 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 2022.)

Foarfallen

    jannewaris
    febrewaris
    maart
  • 2 - Neffens de Feriene Naasjes binne al 2 miljoen flechtlingen de oarloch yn 'e Oekraïne ûntflechte troch de grinzen fan buorlannen oer te gean.
  • 3 - Yn it suden fan 'e Oekraïne falt de stêd Cherson yn Russyske hannen. Ek de Kearnsintrale Zaporizja wurdt troch de Russen ferovere, wêrby't se de gebouwen fan 'e sintrale mei artillery besjitte. De domdrystens fan dat dwaan wurdt wrâldwiid skande fan sprutsen.
  • 4 - Yn Ruslân wurdt in nije wet oannommen, dy't 15 jier finzenisstraf set op it fersprieden fan "nepnijs" oer de "spesjale militêre operaasje" yn 'e Oekraïne. In protte bûtenlânske media-organisaasjes, wêrûnder CNN en de BBC, beëinigje har wurk yn it lân.
  • 4-13 - Yn 'e Sineeske haadstêd Peking wurde de Paralympyske Winterspullen 2022 holden. Ruslân en syn bûnsgenoat Wyt-Ruslân wurde omreden fan harren ferantwurdlikens foar de ynfal yn 'e Oekraïne útsletten fan dielname.
  • 8 - Ierdoaljemaatskippij Shell, restaurantkeatling McDonald's, frisdrinkenprodusint Coca-Cola en kofjehûskeatling Starbucks lûke har omreden fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne werom út Ruslân.
  • 10 - Sily fiert it homohoulik yn.
  • 16 - By de gemeenteriedsferkiezings yn Nederlân binne benammen de lokale politike partijen de grutte winners.
  • 24 - De NATO makket bekend dat der 40.000 man gefjochtstroepen ekstra stasjonearre wurde sille oan 'e eastflank fan it bûngenoatskip, yn Slowakije, Hongarije, Roemeenje en Bulgarije, yn ferbân mei de nije bedriging dy't Ruslân ynhâldt sûnt de ynfal yn 'e Oekraïne.
  • 25 - It regear fan Ruslân makket bekend dat "de earste faze" fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne foltôge is, en dat de striid fan no ôf oan benammen taspitst wurde sil op 'e eastlike Donbas-regio.
  • 29 - It regear fan Ruslân kundiget oan dat yn it ramt fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne de oarlochshannelings om 'e Oekraynske haadstêd Kiëv hinne "struktureel werombrocht" wurde sille. Westerske analisten hâlde it derop dat by de Russyske lieding it besef trochkringt dat it mei de hjoeddeistige steat fan it Russyske Leger net mooglik is om Kiëv yn te nimmen.
    april
    maaie
    juny
    july
    augustus
    septimber
    oktober
  • 1 - Yn 'e stêd Malang yn Yndoneezje komme 131 minsken om en reitsje 323 oaren ferwûne by de Kanjuruhan-stadionramp. Dat bart as nei in ferlerne fuotbalwedstryd breinroere fuotbalsupporters it fjild op streame om ferhaal te heljen by de eigen fuotbalploech en de plysje reägearret troch triengasgranaten ôf te sjitten. Dat jout oanlieding ta in stoarmrin om út it stadion te kommen, wêrby't tsientallen minsken ûnder de foet rûn wurde.
  • 1 - Yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch lije de Russen in gefoelige nederlaach as it Oekraynske leger de strategysk wichtige stêd Lyman, yn 'e provinsje Donjetsk, befrijt.
  • 5 - De OPEC komt oerien om 2 miljoen fetten ierdoalje deis minder te produsearjen, om sa de priis fan oalje heech te hâlden. Yn 'e Feriene Steaten wurdt dat ynterpretearre as in dolkstjit yn 'e rêch troch Saûdy-Araabje. Dat lân hjit in Amerikaanske bûnsgenoat te wêzen, mar stelt him hjirmei dúdlik oan 'e kant fan Ruslân op, mei't fral de Russen baat hawwe by in hege oaljepriis. Ien en oar liedt ta in diplomatike krisis yn 'e relaasjes tusken de Feriene Steaten en Saûdy-Araabje.
  • 8 - De Krimbrêge, dy't it fêstelân fan Ruslân ferbynt mei de yllegaal anneksearre Krim, eins in diel fan 'e Oekraïne, rekket swier skansearre by in eksploazje. Hoewol't it Oekraynske regear der gjin útlittings oer docht, wurdt der algemien fan útgien dat de Oekraïners efter de sabotaazjedie sitte, mei't de Krimbrêge in symboal fan 'e Russyske besetting fan 'e Krim is. Twa dagen letter fiert Ruslân by wize fan ferjilding raketbesjittings út fan Oekraynske stêden en enerzjysintrales.
  • 20 - Liz Truss (lieder fan de Konservative Partij) giet al nei 45 dagen ôf as premier fan it Feriene Keninkryk, mar hâldt dat amt oant in nije lieder keazen is.
  • 21 - Yn de iere moarn komme snelboat Tiger fan Rederij Doeksen en de wettertaksy Stormloper fan rederij De Bazuin yn it Skûtegat mei-inoar yn oanfarring.
  • 23 - De Sineeske lieder Xi Jinping wurdt foar in trêde termyn beneamd as siktaris-generaal fan 'e Sineeske Kommunistyske Partij (en dêrmei as hearsker oer de Folksrepublyk Sina). Hy is sûnt de dea fan Mao Zedong de earste persoan yn dy funksje dy't net nei twa terminen romte makket foar in opfolger.
  • 29 - Yn it Súdkoreaanske Seoel komme mear as 150 minsken om it libben troch de ekstreme drokte, by in Halloweenfeest yn in útgeansgebiet.
    novimber
    desimber

Berne

Ferstoarn

    jannewaris
    febrewaris
    maart
    april
    maaie
    juny
    july
    augustus
    septimber
    oktober
    novimber
    desimber

Bisten

Films

Literatuer

    romans
    ferhalebondels
    koarte ferhalen

Tillefyzje

Muzyk

    singles
Jierren: 2017 2018 2019 2020 2021 2022 2023 2024 2025 2026 2027
Iuwen: 16e 17e 18e 19e 20e 21e iuw 22e 23e 24e 25e 26e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

2022 Foarfallen2022 Berne2022 Ferstoarn2022 Films2022 Literatuer2022 Tillefyzje2022 Muzyk2022

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FrânskAddis AbebaPontius PilatusHendrik ConscienceMir (romtestasjon)Boergondyske RykCowgirlhâldingUnderwiisMeksikoLatynHeipealhâldingHavana GingerMinnistenRekkenmasineIranReklamespotsjeNederlânsk Kanker YnstitútTony BeetsSwierwêzenSkiednisKomeetHelpGotoku SakaiUntsliepeniskatedraal (Vladimir)SingapoerBestjoerPinsjoenImerkes (fûgel)KristendomWetterstofNapels837Bart KingmaSkearmês fan OckhamProvinsjes en territoaria fan KanadaCarles PuigdemontUnbemanne fleanmasineSkotlânRae Lil BlackDútslânGitaarArwen GoldVina SkyKrusigingGoudGeorgjeLolita (pornografysk aktrise)DaunettelTurkmenistanMarkus Tullius SiseroRoemeenjeEarymar8 septimberLeonid Brezjnev2000-er jierrenList fan haadstêdenList fan planetoïden 6001-7000Nederlânske Herfoarme TsjerkeBarnstienShakey SamSalisbury (Ingelân)Jaylene RioAdam en Eva (plant)Kûl Sjarif-moskeeKateftigenFrysktalige Wikipedy2020🡆 More