Mûseftigen

De mûseftigen (wittenskiplike namme: Muridae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), dêr't û.o.

de hûsmûs, de brune rôt en de swarte rôt ta hearre. Mei mear as 700 soarten is it de grutste kjifdierefamylje. Mûseftigen komme fan natuere foar yn Jeraazje, Afrika en Austraalje, mar berikten pas mei de minske, fan 1492 ôf, de Nije Wrâld, dy't earder kolonisearre wie troch de nau besibbe famylje fan 'e wrotmûseftigen.

Mûseftigen
In pear Mongoalske gerbils.
In pear Mongoalske gerbils.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: mûseftigen (Muridae)
Illiger, 1811
Mûseftigen
De Sinaïstikelmûs.

Mûseftigen binne yn 'e regel lytseftige bisten mei in lange sturt en útsteande snorhierren. Guon hawwe langere efterpoaten, sadat se har op in huppende manear fuortbewege kinne, wylst oaren in grypsturt hawwe om it klimmen yn beammen makliker te meitsjen. Se hawwe allegear in earsten gehoar en rooksin, en komme foar yn biotopen dy't útinoar rinne fan wâld oant gerslân oant berchtme. In stikmannich soarten, yn 't bysûnder de gerbils, hawwe har oanpast oan it libjen yn 'e woastyn, wylst de bekendste soarten trouwe, sij it yn 'e regel ûnwinske, selskipsdieren fan 'e minske wurden binne. Mûseftigen binne herbivoaren of omnivoaren, en brûke har sterke kaakspieren en altyd trochgroeiende kjiftosken net inkeld om te iten, mar ek om hoalen gnaujen yn hurde materialen, lykas hout of drûge ierde. Se plantsje har fluch fuort, mei faak ferskate grutte nêsten jongen it jier.

Famylje-opbou

  • famylje mûseftigen (Muridae)
    • ûnderfamylje gerbils of rinmûzen (Gerbillinae)
      • tûke ammodyleftigen (Ammodillini)
        • skaai ammodilen of walo's (Ammodillus): 1 soarte
      • tûke gerbileftigen (Gerbillini)
        • incertae sedis (yndieling ûnwis)
          • skaai boarstelsturtgerbilrotten (Sekeetamys): 1 soarte
        • ûndertûke gerbildieren (Gerbillina)
          • skaai Afro-Aziatyske gerbils (Dipodillus): 13 soarten
          • skaai echte gerbils (Gerbillus): 38 soarten
          • skaai Somalyske dwerchgerbils (Microdillus): 1 soarte
        • ûndertûke grutte gerbildieren (Rhombomyina)
          • skaai gerbilrotten (Meriones): 17 soarten
          • skaai grutte rinmûzen (Rhombomys): 1 soarte
          • skaai przewalskigerbils (Brachiones): 1 soarte
          • skaai sânrotten (Psammomys): 2 soarten
      • tûke hierpoatgerbileftigen (Gerbillurini)
        • skaai Afrikaanske gerbils (Gerbilliscus): 11 soarten
        • skaai hierpoatgerbils (Gerbillurus): 4 soarten
        • skaai Yndyske kealsoalgerbils (Tatera): 1 soarte
        • skaai Kaapske koarteargerbils (Desmodillus): 1 soarte
      • tûke tateryleftigen (Taterillini)
        • skaai taterilen (Taterillus): 9 soarten
      • tûke wangsekgerbileftigen (Desmodilliscini)
        • skaai grousturtmûzen (Pachyuromys): 1 soarte
        • skaai wangsekgerbils (Desmodilliscus): 1 soarte
    • ûnderfamylje moanjesrotten (Lophiomyinae)
      • skaai moanjesrotten (Lophiomys): 1 soarte
    • ûnderfamylje skreeftoskboskmûzen (Leimacomyinae)
      • skaai skreeftoskboskmûzen (Leimacomys): 1 soarte
    • ûnderfamylje stikelmûseftigen (Deomyinae)
      • skaai boarstelhierrige mûzen (Lophuromys): 33 soarten
      • skaai keatrotten (Deomys): 1 soarte
      • skaai ruddmûzen (Uranomys): 1 soarte
      • skaai stikelmûzen (Acomys): 19 soarten
    • ûnderfamylje mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae)
      • incertae sedis (yndieling ûnwis)
        • skaai Banahawbeammûs (Musseromys): 1 soarte
        • skaai moasrotten (Mirzamys): 2 soarten
      • yndieling Aethomys
        • skaai boskrotten (Aethomys): 11 soarten
      • yndieling Apodemus
        • skaai boskmûzen (Apodemus): 21 soarten
        • skaai Rhagamys: 1 soarte †
        • skaai Rjûkjûaanske stikelrotten (Tokudaia): 3 soarten
      • yndieling Arvicanthis
        • skaai Afrikaanske skreeftoskrotten (Mylomys): 2 soarten
        • skaai Etiopyske gersmûzen (Desmomys): 2 soarten
        • skaai fjouwerstreekte mûzen (Rhabdomys): 2 soarten
        • skaai net-streekte gersmûzen (Arvicanthis): 7 soarten
        • skaai skreeftoskige somprotten (Pelomys): 5 soarten
        • skaai streekte gersmûzen (Lemniscomys): 11 soarten
      • yndieling Chrotomys
        • skaai echte pipermûsrotten (Rhynchomys): 4 soarten
        • skaai Filipynske mûzen (Apomys): 17 soarten
        • skaai Lûzonske pipermûsrotten (Soricomys): 3 soarten
        • skaai Lûzonske streekte rotten (Chrotomys): 5 soarten
        • skaai Mount Isarog-pipermûsrotten (Archboldomys): 2 soarten
      • yndieling Colomys
        • skaai Afrikaanske wetterrotten (Colomys): 1 soarte
        • skaai Etiopyske wettermûzen (Nilopegamys): 1 soarte
        • skaai stjonkmûzen (Zelotomys): 2 soarten
      • yndieling Crunomys
        • skaai Filipynske en Selebespipermûsrotten (Crunomys): 4 soarten
        • skaai sommerselebesrotten (Sommeromys): 1 soarte
      • yndieling Dacnomys
        • skaai feabeamrotten of Fea's beamrotten (Chiromyscus): 1 soarte
        • skaai gruttoskige reuzerotten (Dacnomys): 1 soarte
        • skaai langsturtige reuzerotten (Leopoldamys): 6 soarten
        • skaai Mindoarorotten (Anonymomys): 1 soarte
        • skaai paulinakalkstienrotten (Saxatilomys): 1 soarte
        • skaai Seylonrotten (Srilankamys): 1 soarte
        • skaai Tonkinrotten (Tonkinomys): 1 soarte
        • skaai wytbúkrotten (Niviventer): 18 soarten
      • yndieling Dasymys
        • skaai rûchhierrige somprotten (Dasymys): 14 soarten
      • yndieling Echiothrix
        • skaai Selebesstikelrotten (Echiothrix): 2 soarten
      • yndieling Golunda
        • skaai Yndyske boskrotten (Golunda): 1 soarte
      • yndieling Hadromys
        • skaai Manipoereeske boskrotten (Hadromys): 3 soarten
      • yndieling Halmaheramys
        • skaai Halmaheraanske stikelrotten (Halmaheramys): 1 soarte
      • yndieling Hybomys
        • skaai bultnoasmûzen (Hybomys): 6 soarten
        • skaai defûarotten (Dephomys): 2 soarten
        • skaai doelrotten (Stochomys): 1 soarte
      • yndieling Hydromys
        • skaai Nijguineeske beverrotten (Baiyankamys): 2 soarten (foarhinne ûnderdiel fan 'e Australyske beverrotten)
        • skaai Australyske beverrotten (Hydromys): 4 soarten
        • skaai berchbeverrotten (Parahydromys): 1 soarte
        • skaai moncktonbeverrotten (Crossomys): 1 soarte
        • skaai Nijguineeske dwerchbeverrotten (Microhydromys): 2 soarten
        • skaai Nijguineeske wetterrotten (Paraleptomys): 2 soarten
      • yndieling Hyorhinomys
      • yndieling Lorentzimys
        • skaai Nijguineeske springmûzen (Lorentzimys): 1 soarte
      • yndieling Malacomys
        • skaai grutearsomprotten (Malacomys): 3 soarten
      • yndieling Maxomys
        • skaai radjarotten (Maxomys): 17 soarten
      • yndieling Melasmothrix
        • skaai grutte Selebespipermûsrotten (Tateomys): 2 soarten
        • skaai lytse Selebespipermûsrotten (Melasmothrix): 1 soarte
      • yndieling Micromys
        • skaai dwerchbeammûzen (Haeromys): 3 soarten
        • skaai dwerchmûzen (Micromys): 2 soarten
        • skaai langsturtklimmûzen (Vandeleuria): 3 soarten
        • skaai pinsielsturtbeammûzen (Chiropodomys): 6 soarten
        • skaai pinsielsturtrotten (Hapalomys): 2 soarten
        • skaai vernayklimmûzen (Vernaya): 1 soarte
      • yndieling Millardia
        • skaai Aziatyske sêfthierrige rotten (Millardia): 4 soarten
        • skaai blanfordmûzen (Madromys): 1 soarte
        • skaai Yndyske rotten (Cremnomys): 2 soarten
        • skaai Manipoereeske mûzen (Diomys): 1 soarte
      • yndieling Mus
        • skaai echte mûzen (Mus): 41 soarten
        • skaai streekrêchmûzen (Muriculus): 1 soarte
      • yndieling Oenomys
        • skaai Afrikaanske strewellerotten (Grammomys): 13 soarten
        • skaai akasiarotten (Thallomys): 4 soarten
        • skaai Kanaryske reuzerotten (Canariomys): 2 soarten †
        • skaai lavamûzen (Malpaisomys): 1 soarte †
        • skaai Middenafrikaanske strewellerotten (Thamnomys): 3 soarten
        • skaai Mount Oku-rotten (Lamottemys): 1 soarten
        • skaai readnoasrotten (Oenomys): 2 soarten
      • yndieling Otomyines
        • skaai fluitsjende rotten (Parotomys): 2 soarten
        • skaai Karoorotten (Myotomys): 2 soarten
        • skaai poelrotten of skreeftoskrotten (Otomys): 19 soarten
      • yndieling Phloeomys
        • skaai dizerotten (Crateromys): 4 soarten
        • skaai Lûzonske en Mindanaooske wâldrotten (Batomys): 5 soarten
        • skaai Lûzonske rotten (Carpomys): 2 soarten
        • skaai ranksturtdizerotten (Phloeomys): 2 soarten
      • yndieling Pithecheir
        • skaai apepoatige rotten (Pithecheir): 2 soarten
        • skaai grize beamrotten (Lenothrix): 1 soarte
        • skaai lytsearbeamrotten (Pithecheirops): 1 soarte
        • skaai margaretarotten (Margaretamys): 3 soarten
        • skaai Selebessêfthierrotten (Eropeplus): 1 soarte
        • skaai trijetyntoskige rotten (Lenomys): 1 soarte
      • yndieling Pogonomys
        • skaai beammûzen fan de Alde Wrâld (Chiruromys): 3 soarten
        • skaai boarstelmûzen (Coccymys): 4 soarten
        • skaai buhlerboarstelmûzen (Coryphomys): 1 soarte †
        • skaai Floareshoalerotten (Spelaeomys): 1 soarte †
        • skaai grutte mozayksturtrotten (Mammelomys): 2 soarten
        • skaai grypsturtrotten (Pogonomys): 6 soarten
        • skaai heechlânboarstelmûzen (Abeomelomys): 1 soarte
        • skaai iikhoarntoskrotten (Anisomys): 1 soarte
        • skaai Nijguineesk rotten (Macruromys): 2 soarten
        • skaai Nijguineeske wytsturtrotten (Xenuromys): 1 soarte
        • skaai reuzebeamrotten (Mallomys): 7 soarten
        • skaai rummlermozayksturtrotten (Pogonomelomys): 2 soarten
        • skaai wytearrotten (Hyomys): 2 soarten
      • yndieling Pseudomys
        • skaai Australyske mûzen (Pseudomys): 23 of 24 soarten (ôfhinklik fan 'e fraach oft de Kimberleymûs as in aparte soarte beskôge wurdt)
        • skaai Australyske springmûzen (Notomys): 10 soarten
        • skaai Australyske twiichnêstrotten (Leporillus): 2 soarten
        • skaai beamrotten (Mesembriomys): 2 soarten
        • skaai breedtoskrotten (Mastacomys): 1 soarte
        • skaai forrestmûzen (Leggadina): 2 soarten
        • skaai grousturtrotten (Zyzomys): 5 soarten
        • skaai kninerotten (Conilurus): 2 soarten
      • yndieling Rattus
        • skaai boarstelrotten (Bandicota): 3 soarten
        • skaai echte rotten (Rattus): 66 soarten
        • skaai Filipynske berchrotten (Limnomys): 2 soarten
        • skaai Filipynske wâldrotten (Bullimus): 3 soarten
        • skaai Floareslangsnútrotten (Paulamys): 1 soarte
        • skaai Floaresreuzerotten (Papagomys): 2 soarten
        • skaai heuvelrotten (Bunomys): 7 soarten
        • skaai koartsturtige boarstelrotten (Nesokia): 2 soarten
        • skaai Komodorotten (Komodomys): 1 soarte
        • skaai langpoatrotten (Tarsomys): 2 soarten
        • skaai Lûzonske breedtoskrotten (Abditomys): 1 soarte
        • skaai Lûzonske koartnoasrotten (Tryphomys): 1 soarte
        • skaai Palawanrotten (Palawanomys): 1 soarte
        • skaai Rjûkjûaanske langsturtige reuzerotten (Diplothrix): 1 soarte
        • skaai Searamrotten (Nesoromys): 1 soarte
        • skaai Selebesreuzerotten (Paruromys): 1 soarte
        • skaai Selebesrotten (Taeromys): 7 soarten
        • skaai sodybeamrotten (Kadarsanomys): 1 soarte
        • skaai Sûndareuzerotten (Sundamys): 3 soarten
        • skaai wyttoskrotten (Berylmys): 4 soarten
      • yndieling Stenocephalomys
        • skaai Afrikaanske boskmûzen (Hylomyscus): 13 soarten
        • skaai Afrikaanske grize rotten (Heimyscus): 1 soarte
        • skaai Afrikaanske sêfthierrotten (Praomys): 17 soarten
        • skaai Etiopyske smelkoprotten (Stenocephalemys): 4 soarten
        • skaai rju-oermûzen (Myomyscus): 4 soarten
        • skaai rju-oerrotten (Mastomys): 8 soarten
      • yndieling Uromys
        • skaai bananerotten (Melomys): 23 soarten
        • skaai echte mozayksturtrotten (Paramelomys): 9 soarten
        • skaai kealsturtrotten (Solomys): 5 soarten
        • skaai readbúkmozayksturtrotten (Protochromys): 1 soarte
        • skaai reuzekealsturtrotten (Uromys): 10 soarten
      • yndieling Xeromys
        • skaai Nijguineeske echte wettermûzen (Leptomys): 5 soarten
        • skaai Nijguineeske ûnechte wettermûzen (Pseudohydromys): 12 soarten
        • skaai ûnechte wetterrotten (Xeromys): 1 soarte

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

1492AfrikaAustraalje (wrâlddiel)Brune rôtFamylje (taksonomy)HûsmûsJeraazjeKjifdierenKlasse (taksonomy)MinskeNije WrâldSkiftSoarteSwarte rôtSûchdierenWittenskiplike nammeWrotmûseftigen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

List fan planetoïden 31001-32000RekkenmasineDouwe van der MeulenCreative CommonsOekraïneBosnjeAfganistanRMS TitanicSpienSicario (film út 2015)KanadaArabyskList fan planetoïden 97001-98000Opstanning fan JezusSotsjyHurdegarypster OpfeartSlotKazachstanIngoesjetiëList fan planetoïden 46001-47000HeipealhâldingList fan spoarlinen yn NederlânHenk van der Veer27Krystal SwiftJoyce OliveiraIvanovski-kleaster (Pskov)Marika FruscioHouwerzijlRicki RaxxxArtefakt (archeology)Dûkers (fûgels)Ludwig van BeethovenGolf fan RigaAartsingel Michaelkatedraal (Archangelsk)RadioRoemeenjeWetterstofPippi LanghoasOblast TsjitaWarsjaupaktEchte fazantfûgelsNoardwâlde (Grinslân)TurkmenistanS14 septimberDaisy SummersISBNCalgaryList fan Fryske famkesnammenBoksenList fan planetoïden 38001-39000Kristen8 septimberDôve BrânnettelPepinidenRia RodrigezLuna SilverDiana, prinsesse fan WalesList fan haadstêdenKaratsjaj-Tsjerkessië923Oblast OrenburgReligieuze3 maaieSalisbury (Ingelân)NâleKnivskjelloddenAC/DC🡆 More