15 febrewaris - By Berg-Kampenhout, 4 km foar de Brusselskelofthaven Zaventem, stoart Sabena-flecht 548 del. Alle 72 ynsittenden en in boer op 'e grûn litte dêrby it libben. Ek it foltallige, 18 leden tellende Amerikaanskekeunstrydteam, dat ûnderweis wie nei de wrâldkampioenskippen yn Praach, komt om.
5 maaie - De Amerikaanskeastronaut Alan Shepard wurdt lansearre oan board fan 'e Mercury MR-3. Hy is de twadde minske (en de earste Amerikaan) yn 'e romte.
16 maaie - By in steatsgreep yn Súd-Koreä komt Park Cheung Hee oan 'e macht.
6 augustus - De Sovjet-kosmonaut German Titov wurdt de romte ynsketten mei de Vostok 2. It is in rekôrflecht fan 24 oeren en 17 kear om 'e Ierde hinne.
28 septimber - Yn Syrje nimt it leger de macht oer. It lân stapt dêrnei út 'e Feriene Arabyske Republyk mei Egypte.
1 oktober - It eardere Britsk-Kameroen wurdt opspjalten yn Noard-Kameroen en Súd-Kameroen; Noard-Kameroen komt by Nigearia te hearren, wylst Súd-Kameroen yntegrearre wurdt yn 'e Republyk Kameroen (it eardere Frânsk-Kameroen).
17 desimber - Anneksaasje fan Goä: Yndiaasketroepen falle Goä en Daman en Diû binnen, gebieten mei-inoar de koloanje Portegeesk-Ynje foarmje. It Portegeeske koloniale bestjoer wurdt ferdreaun en de gebieten wurde troch Yndia anneksearre.
sûnder datum - De earste yndustriële robotearm, Unimate, wurdt yn gebrûk naam yn it General Motors-fabryk yn Nij-Jersey.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1961 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 1961, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.