24 maaie - Yn 'e Ierske Frijsteat komt in ein oan 'e bloedige Ierske Boargeroarloch troch de oerjefte fan 'e republikeinske rebellen fan Éamon de Valera.
5 juny - De presidint fan 'e Dútske sintrale bank, Rudolf Havenstein, makket bekend dat syn Reichsbank de fal fan 'e Reichsmark net mear keare kin.
24 july - Grikelân en Turkije slute yn it Switserske Lausanne it Ferdrach fan Lausanne, wêrmei't in ein komt oan sawol de Gryksk-Turkske Oarloch as oan 'e Turkske Unôfhinklikheidsoarloch. Dit ferdrach, dêr't de grinzen fan 'e nije Turkske Republyk yn fêstlein binne, betsjut lykwols ek de ein foar de ûnôfhinklike steaten fan 'e Koerden en de Armenen, ta de oprjochting wêrfan't besletten wie yn it eardere Ferdrach fan Sèvres.
13 septimber - By in steatsgreep yn Spanje, dy't útfierd wurdt mei goedkarring fan kening Alfûns XIII, komt in militêrediktatuer ûnder lieding fan Miguel Primo de Rivera oan 'e macht.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1923 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 1923, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.