4 febrewaris - De Kommisje-XVII, de Belgyske parlemintêre kommisje dy't oer de anneksaasje fan 'e Kongofrijsteat giet, skoarret syn wurk op om't der gjin oerienstimming berikt wurde kin oer it saneamde Kroandomein, it diel fan 'e koloanje dat kening Leopold II fan Belgje foar himsels hâlde wol.
14 april - Denemark beslút ta de ynfiering fan it algemien manljus- en frouljuskiesrjocht, mar inkeld foar dat diel fan 'e befolking dat belesting betellet.
30 juny - By de rivier de Podkamennaja Tûngûska, yn Sibearje, fynt it saneamde Tûngûska-foarfal plak, wêrby't 2.000 km²bosk platslein wurdt. Men giet derfan út dat dat feroarsake wurdt troch de ynslach fan in meteoryt.
24 july - Under druk fan 'e binnenlânske politike en revolúsjonêre opskuor, dêr't de saneamde Jong-Turken oan kop en earen ta yn behelle binne, sjocht sultan Abdül Hamid II fan it Osmaanske Ryk himsels twongen om 'e nea fan krêft wurden grûnwet út 1876 út 'e kast te helje en yn te fieren.
8 oktober - De Bosnyske Krisis brekt út as Eastenryk-Hongarije de anneksaasje oankundiget fan Bosnje en Hertsegovina, twa gebieten dy't al sûnt it Ferdrach fan Berlyn fan 1878 ûnder Eastenryksk-Hongaarsk bewâld steane, mar formeel noch altyd diel útmeitsje fan it Osmaanske Ryk. Alle oare Jeropeeske grutmachten meitsje beswier tsjin 'e anneksaasje, en Servje en Montenegro, dy't sels op Bosnje en Hertsegovina longerje, dogge itselde. In skoftke balansearret Jeropa op 'e râne fan in grutte oarloch.
23 desimber - Belgje en Frankryk slute in ferdrach dêr't yn fêstlein is dat de eardere ferdraggen dy't Frankryk sletten hat mei de Kongofrijsteat, fan krêft bliuwe no't dat gebiet as de Belgyske Kongo in koloanje fan Belgje wurden is.
28 desimber - By in ierdbeving en tsûnamy yn Itaalje wurde de eastlike kust fan Sisylje, wêrûnder de stêd Messina, en de súdkust fan Kalaabrje grutdiels ferwuostge. Der komme likernôch 150.000 minsken om.
datum ûnbekend - It Kristlik Frysk Selskip wurdt oprjochte ta stimulearring fan it brûken fan it Frysk yn Kristlike fermiddens.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1908 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 1908, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.