Psychology, sielkunde, is de wittenskiplike stúdzje nei it hâlden en dragen fan minsken en de mentale prosessen dy't dêrby hearre.
Ornaris wurdt de psychology as in sosjale wittenskip kategorisearre. It ûndersyksfjild fan de psychology is lykwols breder. Ofhinklik fan it dielmêd of psychologyske perspektyf kin de psychology ek as natoerwittenskip of geastewittenskip yndield wurde. De ûndersiken dy't dien wurde drage by oan de psychologyske teoryen dy't brûkt wurde om it hâlden en dragen fan minsken better begripe te kinnen.
De skiednis fan de psychology giet werom nei de âldheid. Ferneamde Grykske filosofen út dy tiid binne Thales, Plato en Aristoteles.
Yn 1879 waard it Ynstitút foar Eksperimintele Psychology oan de Universiteit fan Leipzig oprjochte troch Wilhelm Wundt. Dat momint kin sjoen wurde as it begjin fan de moderne psychology as sosjale wittenskip. As oprjochter fan it Ynstitút foar Eksperimintele Psychology wurdt Wilhelm Wundt de "grûnlizzer fan de eksperimintele psychology" neamd. Gerard Heymans wurdt sjoen as de pionier fan de Nederlânske psychology. Hy rjochte yn 1892 it earste psychologysk labortoarium fan Nederlân op. Yn de jierren nei Wundt ûntwikkelen oare wittenskippers oare perspektiven binnen de psychology lykas Sigmund Freud mei syn psycho-analytyske perspektyf en John Broadus Watson dy't grûnlizzer foar it behaviorisme (gedrachs perspektyf) waard.
Binnen de psychology wurde fiif perspektiven ûnderskieden om minsklik dwaan en litten te ferklearjen:
Psychology is fierder nei ûnderwerp fan stúdzje ferdield yn ferskate spesjalisaasjes. Foarbylden dêrfan binne:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Psychology, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.