Oalje

Oalje (meartal: oaljes) is de oantsjutting foar eltse non-polêre skiekundige substânsje dy't op keamertemperatuer de foarm fan in sjerperige floeistof hat en sawol hydrofoob is (him net of amper mei wetter minge lit) as lipofyl (him maklik mei oare oaljes minge lit).

It byhearrende eigenskipswurd is oaljich. De measte oaljes binne ûnfersêde lipiden (fetten). Se befetsje in protte koalstof en stikstof, en binne dêrom ornaris ûntflamber. It wurd 'oalje' komt fan it Frânske oile, dat weromgiet op it Latynske oleum, dat wer fan it Grykske ἔλαιον, elaion komt, dat "olive-oalje" betsjut, fan ἐλαία, elaia, "olivebeam".

Oalje
In flesse olive-oalje.

De algemiene definysje fan it begryp 'oalje' omfiemet klassen fan skiekundige stoffen dy't fierders ûnbesibbe binne op it mêd fan atomêre struktuer, eigenskippen en gebrûksmooglikheden. Oaljes kinne dierlik, plantaardich of petrogemysk fan aard wêze, en kinne flechtich wêze of net. Se wurde brûkt foar tige útinoar rinnende doelen, lykas itensieden (bgl. olive-oalje), ferwaarming (bgl. stookoalje), medyske doelen (bgl. etearyske oalje) en smaring (bgl. motoroalje). Yn 'e yndustry wurde oaljes fierders ek brûkt foar de produksje fan ferve, plestik en oare materialen. Spesjaal tarette oaljes wurde yn beskate religieuze seremoanjes en rituelen brûkt foar reiniging of oare doelen. Oleogemy is de tûke fan 'e wittenskip dy't de gemy fan natuerlike oaljes en fetten bestudearret.

Soarten oalje

Organyske oaljes

Organyske oaljes, of biologyske oaljes, wurde yn in opmerklik ferskaat produsearre troch planten, bisten en oare organismen by natuerlike stofwikselingsprosessen. Lipiden binne stoffen lykas fetsoeren en steroïden, dy't faak oantroffen wurde yn 'e oaljes dy't troch libbene wêzens oanmakke wurde, wylst de term 'oalje' ferwiist nei it totale mingsel fan stoffen. Organyske oaljes kinne ek oare gemyske stoffen befetsje, lykas aaiwiten, waaksen en alkaloïden.

Llipiden kinne yndield wurde neffens de manear dêr't se op oanmakke wurde troch in organisme, harren gemyske gearstalling en harren beheinde oplosberheid yn wetter. Se befetsje in protte koalstof en stikstof, en mar in hiel lyts bytsje soerstof yn ferhâlding ta oare organyske stoffen en mineralen. Se binne oer it algemien relatyf non-polêre molekulen, mar kinne ek sawol polêre as non-polêre dielen omfiemje, lykas yn it gefal fan fosfolipiden en steroïden.

Minerale oaljes

Minerale oalje is rouwe oalje, de ûnraffinearre foarm fan ierdoalje, en de raffinearre komponinten dêrfan, dy't kollektyf bekend steane as petrogemyske stoffen. Dy stoffen foarmje yn 'e moderne ekonomy helpboarnen fan krúsjaal belang. Rouwe oalje komt fan fossilisearre organyske materialen, lykas soöplankton en algen, dy't oer in perioade fan miljoenen jierren troch geogemyske prosessen omset binne ta oalje. De oantsjutting 'minerale oalje' is eins misliedend, om't mineralen net de boarne binne fan 'e oalje; dat binne prehistoaryske planten en bisten. Minerale oalje is sadwaande in organysk ynstee fan anorganysk materiaal. It wurdt lykwols 'minerale oalje' neamd ynstee fan 'organyske oalje' om't de organyske oarsprong sa fier tebek yn 'e tiid leit (en dêrom ûnbekend wie doe't sokke oalje foar it earst ûntdutsen waard), en teffens om't it in dylchstof is, dy't djip ûnder de grûn wei opboarre wurdt.

Oalje 
Wapenoalje.

Tapassings

Itensieden

Ferskate ytbere plantaardige en dierlike oaljes, en ek fetten, wurde brûkt foar itensieden en it tameitsjen fan iten. Sa wurde in protte ferskillende soarten iten sean, bakt of frituerd yn oalje, dat folle hjitter is as siedend wetter. Foarbylden fan sokke itensiedersoalje binne plantaardige olive-oalje, palmoalje, maïsoalje en sinneblomoalje, mar ek dierlike oaljes, lykas bûter en riezel. Sokke stoffen wurde net inkeld brûkt om it iten yn ta te meitsjen, mar ek wol om smaak ta te foegjen of om 'e struktuer fan it iten te feroarjen.

Kosmetika

Op it mêd fan kosmetika wurde oaljes yn 'e foarm fan conditioner oan it hier tafoege om it der wielderich útsjen te litten, foar te kommen dat it yn 'e tiis rekket en it te stabilisearjen om hiergroei oan te fiterjen. Oaljes wurde ek tafoege oan hûdkrêm dy't yn 'e hûd wreaun wurdt om it rou wurden fan 'e hûd tsjin te gean.

Religy

Histoarysk binne oaljes ek oanhâldend yn gebrûk west as religieus medium. Oalje wurdt yn dy kontekst beskôge as in reinigjende stof dy't by útstek gaadlik is foar salvings. Sokke hillige oalje wie yn 'e bibelske tiid in wichtige rituele stof foar it joadendom en it kristendom.

Skilderkeunst

Mei't pigminten maklik opnommen wurde yn oalje, binne ûnderskate oaljes gaadlik om as ûnderstypjend medium te tsjinjen foar it oanmeitsjen fan ferve (dêrfandinne: oaljeferve). De âldst bekende skilderijen makke mei oaljeferve datearje út omtrint 650.

Kuolte- en hjitte-oerbringing

Oalje wurdt ek brûkt as kuolstof by oaljekuolling, in systeem dat bgl. tapast wurdt by elektryske transformators. Dêrnjonken kin oalje ek brûkt wurde as stookoalje troch as brânstof ynset te wurden om hjitte oer te bringen, lykas yn oaljekachels.

Smaring

Mei't se non-polêr binne, klibje oaljes net maklik fêst oan oare stoffen. Dat makket se gaadlik om as smaarmiddel brûkt te wurden yn 'e masinebou. Dêrby wurde minerale oaljes faker ynset as biologyske oaljes. Oan walfisktraan, dat wûn wurdt út walfiskeftigen, wurdt de foarkar jûn oar it smaren fan oerwurken, om't dat net ferdampet of stof efterlit. In protte lannen en territoaria hawwe lykwols sûnt de 1970-er jierren it gebrûk fan walfisktraan ferbean.

Brânstof

Beskate soarten oalje ûntbrâne yn floeibere of ferstode foarm, wat ljocht en hjitte generearret dy't direkt brûkt wurde kin of omset wurde kin yn oare foarmen fan enerzjy, lykas elektrisiteit. Om sokke brânstofoalje te bemachtigjen wurdt ierdoalje yn 'e foarm fan rouwe oalje út 'e grûn pompt en fia in oaljepiipline of yn in oaljetanker nei in oaljeraffinaderij brocht. Dêr wurdt it troch in proses fan raffinaazje omset ta disel, etaan (en oarsoartige alkanen), stookoalje, benzine, kerosine (of petroleum), fleantúchkerosine, lpg (liquefied petroleum gas) en benzeen. Net alle soarten oalje dy't as brânstof brûkt wurde, binne lykwols minerale oaljes. Tsjintwurdich makket men ek biodisel út bgl. koalsiedoalje en lynsiedoalje. En yn 'e achttjinde en njoggentjinde iuw waard walfisktraan brûkt om lampen fan brâne te litten.

Produksje fan oare materialen

Rouwe oalje kin raffinearre wurdt ta in breed skala oan koalwetterstoffen dêr't it út gearstald is. Petrogemyske stoffen binne sokke raffinearre komponinten fan rouwe oalje en de gemyske produkten dy't dêrfan makke wurde. Sokke stoffen wurde yn 'e hjoeddeistige yndustry brûkt foar de produksje fan ûntsmettingsmiddels, keunstdong, medisinen, ferve, plestik, syntetyske fezels en syntetysk rubber.

Oalje 
Smaaroalje.
Oalje 
Sinneblomoalje.

List fan oaljes

  • minerale oalje
  • organyske of biologyske oalje
    • dierlike oalje
      • fiskoalje
      • krilloalje
      • levertraan
      • walfisktraan
    • plantaardige oalje
      • druvepitoalje
      • etearyske oalje
      • goudsblomoalje
      • kastoroalje
      • katoensiedoalje
      • koalsiedoalje
      • lynsiedoalje
      • maïsoalje
      • olive-oalje
      • palmoalje
      • pinda-oalje
      • raapoalje
      • rysoalje of rysfluesoalje
      • saffloeroalje
      • sesamoalje
      • sinneblomoalje
      • slaadoalje
      • soja-oalje
      • tarwekymoalje
      • teunisblomoalje
      • walnútoalje
      • wûnderoalje

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Oalje Soarten oaljeOalje TapassingsOalje List fan oaljesOaljeEigenskipswurdFrânskGrykskKeamertemperatuerKoalstofLatynMeartalStikstofWetterWurd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GlasgowFermaak2007HantsjemierHongaarskFantasy (sjenre)JeropaHûntsjeshâldingNapali VideoJohn de MolToplessPearsOktoberfestArjen Dijkstra (1979)Persia MonirTresoarAshlynn LeighFideospultsjeKartagoCassandra WildeHeather LeeKoreaanskWopke HoekstraPausAfantasyWrotmûseftigenLos Angeles TimesTheunis Piersma (biolooch)CowgirlhâldingGielwangwrotmûsAmerikaanske steatBarbarijsk grûniikhoarntsjeSkiermûntseagerskKâlde KriichWeblochWrakseljen24 augustusMakauFûgelsAnale seksDrugsGina GersonHeipealhâldingDominikaResjerzjeSosha DuyskerNoardfryskPornofilmSkriuwerSnoadfoanDjakartaEtioopjeGûamAulacomysFisigoatyske RykEmiel StoffersKendra SpadeDyami MillarsonNatuerkundeOarehelteLos AngelesBella Bellz23 aprilHellendoorn (gemeente)Moriah Mills1968Flechtleaze fûgelKompjûterkloftMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)🡆 More