Boerûndy

Boerûndy is in lân yn Sintraal-Afrika.

Boerûndy
Republika y'u Burundi
République du Burundi
Flagge fan Boerûndy Wapen fan Boerûndy
Flagge Wapen
Lokaasje fan Boerûndy
Offisjele taal Boerûndeesk, Frânsk
Haadstêd Bujumbura
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
27.830 km²
7,8­%
Ynwenners (2004) 6,1 miljoen
Munt Burûndeeske frank (BIF)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 1 july
Lânkoade BDI
Ynternet .bi
Tillefoan 257

De haadstêd is Bujumbura.

Geografy

Boerûndy 
Fiskers oan de Tanganjikamar

Boerûndy lei noardeastlik fan de Tanganjikamar en strekt har út oer in heechflakte op sawat 1500 meter hichte mei savannen yn it binnenlân. It hat allinnich lângrinzen, mei Kongo-Kinshasa 233 km, mei Rwanda 290 km en mei Tanzania 451 km. Yn it noardeasten leit in fochtich tropysk reinwâld. De heechste pyk is de berch Heha op 2670 meter hichte. De Nyl ûntspringt yn de bergen fan Boerûndy en Rûanda.

Klimaat

It klimaat is frij myld, tanksij de lizzing op grutte hichte.

Skiednis

Yn de 15e iuw krongen fanút it noarden Tûtsy-stammen Boerûndy yn, dy't in feodaal bewâld fierden oer de ynhiemske Hûtûs. Yn 1890 waard it gebiet in part fan de Dútske koloanje East-Afrika, dat nei de Earste Wrâldkriich troch Belgje bestjoerd waard. Yn 1962 waard Boerûndy ûnôfhinklik en sûnt dy tiid is hieltyd sprake fan konflikten tusken de Hûtûs (85 % fan de befolking) en de Tûtsys (15 %). Nettsjinsteande in nij grûnwet yn 1992 kin dizze boargerkriich net as beëinnige beskôge wurde.

Befolking

De grutste etnyske groepen binne de Hûtû, Tûtsy en de Twa.

Tags:

Boerûndy GeografyBoerûndy SkiednisBoerûndy BefolkingBoerûndyBujumburaSintraal-Afrika

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Zaya CassidyHabtamu de HoopDrugsJade KushCJ MilesMisjonarishâldingAntonie Frederik ZürcherAlvestêdetochtGedicht1989Kaapsk grûniikhoarntsjeNatuerkundeJane BirkinGNU/FDL25 septimberNederlânDavid CrowchildSydneyLudwig van BeethovenSlavernijNobelpriisKartaachske RykMauritsiusBefolkingNoard-FryslânTogoSkilderkeunstSven KramerNovialAmsterdamNapali VideoAshlynn LeighCherokee d'AssIerde88 f.Kr.28 maartPachter2003ArabyskDyami MillarsonApplikaasjeBiologyMia LiIt Heitelân (liet)Daisy SummersFryslânModel (berop)Clara TrinityAnno GalamaTsjerkhôfNicole BexleyCarles Puigdemont2 maaieLockheed C-5 GalaxyRhylee RichardsDroegehamRandom House1858Kommissaris fan de Kening2011HongaarskDemokrasyPierre Auguste CotRas (titel)LapdanceAbby Lee Brazil🡆 More