1995: Jier

Iuwen: 15e 16e 17e 18e 19e 20e iuw 21e 22e 23e 24e 25e
Jierren: 1990 1991 1992 1993 1994 1995 1996 1997 1998 1999 2000

1995: Foarfallen, Berne, Ferstoarn Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 1995: Foarfallen, Berne, Ferstoarn
1995 MCMXCV
Ab urbe condita 2748
Armeenske kalinder 1444

ԹՎ ՌՆԽԴ

Etiopyske kalinder 1987 – 1988
Hebriuwske kalinder 5755 – 5756
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 2050 – 2051
- Shaka Samvat 1917 – 1918
- Kali Yuga 5096 – 5097
Iraanske kalinder 1373 – 1374
Islamityske kalinder 1416 – 1416
Juliaanske kalinder
 1995: Foarfallen, Berne, Ferstoarn
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder 4691 – 4692

辛戌 – 壬亥

1995 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 1995.)

Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1990-er jierren.

Foarfallen

    jannewaris
  • 1 - Eastenryk, Finlân en Sweden wurde lid fan de Europeeske Uny.
  • 1 - De organisaasje WTO (World Trade Organisation) wurdt de ferfanger fan de GATT (General Agreement on Tariffs and Trade).
  • 1 - By in hotelbrân yn Antwerpen falle 12 deaden.
  • 2 - De populêre bernesearje Bear Boeloe foar it earst op tillefyzje.
  • 9 - Valeri Poljakov ferlit nei 366 dagen it romtestasjon Mir. It is it langste ferbliuw ea.
  • 17 - Kobe, yn Japan, wurdt troffen troch in swiere ierdbeving mei in krêft fan 7,3 op de skaal fan Richter. De stêd wurdt foar in grut part ferwoaste. Der falle 6633 deaden.
  • 18 - Yn it suden fan Frankryk, by Vallon-Pont-d'Arc, wurde grotten ûntdutsen mei tekenings dy't 17.000 oant 20.000 jier âld binne.
  • 24 - De iepenbiere oankleiers jouwe harren iepeningspleidoai yn de rjochtsaak tsjin O.J. Simpson.
  • 30 - De Flaamske TV-stjoerder Ka2 (letter Kanaal 2 en KanaalTwa) wurdt oprjochte troch de VMMa.
    febrewaris
  • 6 - Arantxa Sanchez-Vicario lost Steffi Graf nei 87 wiken ôf as de nûmer ien op de wrâldranglist fan de proftennissters; de Spaanske moat dy posysje nei twa wiken wer ôfstean oan har Dútske kollega.
  • 9 - Dr. Bernard A. Harris Jr. wurdt de earste Afrikaan yn de romte.
  • 11 - Rintsje Ritsma fan De Lemmer wurdt yn Baselga wrâldkampioen reedriden Oer-alles.
  • 15 - Yn de F.S. wurdt Kevin Mitnick arrestearre. Hy bruts yn yn guon fan de meast befeilige kompjûtersystemen fan it lân.
  • 21 - By in finzenisopstân yn de Serkadjy finzenis yn Algerije komme yn 1,5 dagen tiid fjouwer sipiers en 96 finzenen om.
  • 20 - De Flaamske fee-artskarder Karel Van Noppen wurdt net fier fan syn hûs deasketten. De moard barde yn opdracht fan de hormoanemaffia.
  • 26 - De âldste ynvestearingsbank fan it Feriene Keninkryk, Barings Bank, giet fallyt neidat effektenmakelder Nick Leeson €1,1 miljard ferlear op de beurs fan Tokio.
    maart
  • 3 - De FN-misje yn Somaalje wurdt beëinige sûnder de oarder yn it lân werom te bringen.
  • 11 - Iepeningsseremoanje fan de tolfde Pan-Amerikaanske Spullen yn Mar del Plata.
  • 20 - Yn 'e metro fan 'e Japanske haadstêd Tokio fynt in gifgasoanfal plak. De oanfal, mei it tige gefaarlike saringas, wurdt útfierd troch 10 leden fan 'e Aum Shinrikyō-sekte, ien fan 'e nije religieuze bewegings fan Japan. Der falle 12 deaden, en 6.252 minsken reitsje ferwûne.
  • 22 - Kosmonaut Valery Polyakov komt nei in rekordferbliuw fan 438 dagen yn de romte werom op de Ierde.
    april
  • 10 - Shanghai Metroline 1 wurdt iepene en is dêrmei de earste metroline yn in ambisjeus plan fan de gemeente Shanghai om in netwurk fan sa'n 20 metrolinen oan te lizzen binnen 40 jier tiid.
  • 10 - Andre Agassy lost Pete Sampras nei 82 wiken ôf as nûmer ien op de wrâldranglist fan de tennisprofesjonals; de Amerikaan moat dy posysje nei tritich wiken wer ôfstean oan syn lânsman.
  • 19 - By in bomoanslach yn Oklahoma City, yn 'e Feriene Steaten, troch Timothy McVeigh, komme 168 minsken om it libben, wêrûnder 19 bern.
  • 21 - Nederlân einiget as fjirde by it wrâldkampioenskip iishockey foar B-landen yn Kopenhagen.
  • 22 - Mauro Gianetti wint de 30ste edysje fan Nederlânsk ienige fytsklassiker, de Amstel Gold Race.
    maaie
  • 1 - As earste Nederlânske muzykstasjon start TMF (The Music Factory) mei útstjoeren. Ek de stjoerder TV 10 Gold stjoert fanôf dizze datum út.
  • 7 - Jacques Chirac wurdt ta presidint fan Frankryk keazen.
  • 7 - Finlân ferslacht gastlân Sweden yn de finale fan it wrâldkampioenschap iishockey foar A-lannen yn Stockholm.
  • 11 - Mear as 170 lannen beslisse yn New York ta in ferlinging fan it Nucleaire Non-Proliferaasjeferdrach fan 1 july 1968 foar ûnbepaalde tiid en sûnder foarwearden.
  • 14 - De Dalai Lama ferkundiget dat de 6-jierrige Gedhun Choekyi Nyima de 11e reynkarnaasje fan de Panchen Lame is.
  • 21 - De hockeysters fan Kampong prolongearje de lânstitel yn de Nederlânske haadklasse troch HGC mei 2-0 te ferslaan yn it twadde duel út de finale fan de play-offs.
  • 23 - De programmeartaal Java wurdt oankundige.
  • 24 - Ajax wint de Champions League finale fan AC Milan troch in goal fan Patrick Kluivert.
  • 25 - Gastlân Súd-Afrika iepenet it tredde offisjele wrâldkampioenskip rugby troch titelferdigener Austraalje mei 27-18 te ferslaan.
  • 27 - Akteur Christopher Reeve rekket yn Firginia ferlamme fanôf de nekke nei in fal fan syn hynder.
  • 28 - Neftegorsk yn Ruslân wurdt troffen troch in ierdskodding mei in krêft fan 7,6 op de skaal fan Richter. Twa tredde fan 'e befolking, sa'n 2000 minsken, komt om.
  • 28 - Amsterdam wint de lânstitel yn de Nederlânske haadklasse troch HDM mei 4-3 te ferslaan yn it twadde duel út de finale fan de play-offs.
    juny
  • De Space Shuttle Atlantis keppelet mei de Russyske Mir. Dit wurdt sjoen as symboal foar de gearwurking yn de romte nei de ein fan de Kâlde Oarloch.
  • 25 - Súd-Afrika wint foar eigen publyk yn it Ellis Park-stadion yn Johannesburch it tredde offisjele wrâldkampioenskip rugby troch yn de finale Nij-Seelân mei 15-12 te ferslaan.
  • 25 - Yn it Wagener-stadion yn Amstelveen weroverje de Nederlânske hockeysters de Europeeske titel troch Spanje yn de finale nei strafballen te ferslaan.
    july
    augustus
  • 4 - Kroaasje lansearret Operaasje Stoarm tsjin it Servyske leger yn Krajina dat him weromlûkt oant Bosnje.
  • 24 - Under massale mediabelangstelling wurdt wrâldwiid Windows 95 fan Microsoft lansearre.
  • 27 - Yn Dublin ferliest de Nederlânske hockeyploech yn de finale fan it Europeesk kampioenskip op strafballen fan titelferdigener Dútslân.
  • 28 - Bosnyske Serviërs fiere in mortieroanfal út op de Markale-merk yn Sarajevo
  • 28 - SBS 6 begjint har útstjoerings.
  • 30 - De NATO-bombardeminten tsjin de Servyske posysjes begjint yn Bosnje.
    septimber
  • 1 - Feronica ferlit it publike bestel en begjint oan har kommersjele aventoer.
  • 4 - Yn Peking begjint de 4e wrâldkonferinsje foar froulju mei 4750 ôffeardigen út 181 lannen.
  • 5 - De orkaan Luis treft Sint-Marten en makket dêr suver alles mei de grûn lyk.
  • 5 - Undergrûnske kearnproef fan Frankryk op it eilân Mururoa.
  • 9 - De Sony Playstation (PSX) wurdt op de merk brocht yn de F.S.
    oktober
  • 3 - De swarte Amerikaanske sporter en akteur O.J. Simpson wurdt troch in sjuery frijsprutsen fan 'e moard op syn blanke eks-frou Nicole Brown Simpson en har minner Ronald Goldman. De saak-O.J. Simpson waard streekrjocht op 'e tillefyzje útstjoerd. De frijspraak boazet de rasiale spannings yn 'e Feriene Steaten tige by tige oan.
  • 9 - De Amtrak Sunset Limited ûntspoart op in brêge oer in sydrivier fan de Mississippy. De oarsaak wienen ferbûgde spoaren nei in oanfarring fan in binnenskip mei de brêge.
  • 10 - Troch in modernisearring fan it telefoannetwurk bestean alle Nederlânske telefoannûmers fanôf dizze datum út tsien sifers.
  • 22 - Willy Claes nimt ûntslach as Sekretaris-Generaal fan de NAFO as gefolch fan de Agusta-Zaak yn Belgje.
  • 30 - By in referindum yn Kebek sprekt in nipte mearderheid fan 'e befolking him út tsjin ûnôfhinklikheid.
    novimber
  • Lech Wałęsa ferliest de presidintsferkiezingen yn Poalen fan Aleksander Kwasniewski.
  • 1-21 - De akkoarten fan Dayton wurde besprutsen, dy't de sitewaasje yn Bosnje regelje moatte.
  • 4 - Moard op Yitzhak Rabin, de premier fan Israel, troch in ekstreem-rjochtse joad dy't it fredesproses mei de Palestinen tsjinhâlde wol.
  • 20 - De EU en Israel tekenje yn Brussel in gearwurkingsferdrach.
  • 30 - Javier Solana wurdt ûnferwacht útkeazen om de nije sekretaris-generaal fan de NAFO te wurden. Yn de Feriene Steaten stjoere 52 kongresleden in protesttelegram nei it Wite Hûs omdat Solana in pro-Castro polityk fierde tsjinoer Kuba doe't hy Spaansk minister fan bûtenlânske saken wie.
    desimber
  • De Soufrière-fulkaan op Montserrat komt ta útbarsting.
  • 14 - Mei de ûndertekening fan it Ferdrach fan Dayton komt in ein oan 'e Bosnyske Oarloch.
  • 15 - It Bosman-arrest fan it Europeesk Hof fan Justysje skept nije ferhâldingen yn de fuotbalwrâld. Fuotbalprofs meie tenei, nei it ferstriken fan harren kontrakt, transferfrij fuortgean. Dat komt harren merkwearde gâns ten goede.
  • 16 - Irakeeske dûkers ûnder lieding fan UNSCOM fine yn de Tigris tichtby Bagdad mear as 200 Russyske raketten en raketûnderdielen.
    ûnbekende datum
  • De Bibel ferskynt as Roomsk-Katolike Willibrordoersetting (WV)
  • Dr. Ivan Turk fynt yn de Divje Babe 1 grot in Sloveenje de âldst kende fluit, dy't makke waard troch in Neandertaler.
  • It Ebolafirus deadet 244 Afrikanen yn Kikwit yn Kongo.

Berne

    jannewaris
  • 4 - María Isabel, Spaansk sjongster
  • 9 - Devendra Harne, persoan mei de measte fingers en teannen
  • 19 - Mathieu van der Poel, Nederlânsk hurdfytser
    febrewaris
    maart
    april
    maaie
  • 10 - Missy Franklin, Amerikaansk swimster
  • 15 - Ksenia Sitnik, Wytrussysk sjongster
  • 27 - Vienna Black, Amerikaansk pornoaktrise
    juny
  • 5 - Troye Sivan, Australysk akteur en sjonger
  • 7 - Nika Turković, Kroätysk sjongster
  • 13 - Petra Vlhová, Slowaaksk skyster
    july
    augustus
    septimber
  • 29 - Yolane Kukla, Australysk swimster
    oktober
    novimber
  • 3 - Coline Mattel, Frânsk skânsspringster
    desimber
    datum ûnbekend

Ferstoarn

    jannewaris
    febrewaris
  • 2 - Fred Perry, Ingelsk tennisser (* 1909)
  • 14 - Ischa Meijer, Nederlânsk skriuwer, sjoernalist en presintator (* 1943)
  • 23 - James Herriot, Ingelsk bistedokter en skriuwer
    maart
    april
    maaie
    juny
    july
    augustus
  • 9 - Ann Flower, Aldste persoan fan Nederlân (* 1885)
  • 10 - Gijs van Aardenne, Nederlânske politikus (* 1930)
  • 10 - Leo Apostel, Flaamsk filosoof (* 1925)
  • 20 - Hugo Pratt, Italjaansk striptekener (* 1927)
  • 24 - Georgette Hagedoorn, Nederlânsk aktrise (* 1910)
    septimber
    oktober
    novimber
  • 2 - Jan Linssen, Nederlânsk fuotballer (* 1913)
  • 4 - Yitzhak Rabin, premier fan Israel (* 1922)
  • 4 - Gilles Deleuze, Frânsk filosoof (* 1925)
  • 12 - Richard L. Coe, Amerikaansk teäter- en filmkritikus (* 1914)
  • 23 - Louis Malle, Fransk regisseur (* 1932)
  • 24 - Paul van de Rovaart, Nederlânsk hokkyer (* 1904)
  • 26 - Frans Vasen, Nederlânsk harkspulakteur (* 1930)
    desimber
  • 1 - Koos Schuur, Nederlânsk dichter en skriuwer (* 1915)
  • 16 - Albert Alberts, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist (* 1911)
  • 17 - Hendrikus Berkhof, Nederlânsk predikant en teolooch (* 1914)
  • 18 - Konrad Zuse, Dútsk yngenieur en ynformatikus (* 1910)
  • 25 - Emmanuel Levinas, Litousk-Frânsk filosoof (* 1906)
  • 25 - Dean Martin, Amerikaansk sjonger en akteur (* 1917)
  • 27 - Henk Bouwman, Nederlânske hokkyer (* 1926)
  • 29 - Lita Grey, Amerikaansk aktrise (* 1908)
  • 29 - Johan Manusama, presidint yn ballingskip fan 'e Republyk fan de Súd-Molukken (* 1910)
  • 29 - Simon van Wattum, Nederlânsk sjoernalist en skriuwer (* 1930)
    datum ûnbekend

Literatuer

    romans

Muzyk

Album top 10 (boarne: popdossier.nl)

  1. Strauss & Co - André Rieu
  2. Oker - Clouseau
  3. The Colour Of My Love - Céline Dion
  4. Throwing Copper - Live
  5. No Need To Argue - The Cranberries
  6. Smash - The Offspring
  7. Marco - Marco Borsato
  8. Crossroad (The Best Of Bon Jovi) - Bon Jovi
  9. Al 15 Jier Gewoan André - André Hazes
  10. The Lion King - Original Soundtrack

Films


Tillefyzje

Jierren: 1990 1991 1992 1993 1994 1995 1996 1997 1998 1999 2000
Iuwen: 15e 16e 17e 18e 19e 20e iuw 21e 22e 23e 24e 25e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1995 Foarfallen1995 Berne1995 Ferstoarn1995 Literatuer1995 Muzyk1995 Films1995 Tillefyzje1995

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Shalina DevineStedssilhûetGenemuidenMax WernerOekraïneMisjonarishâlding1944Sasha BeartHegere BoargerskoalleFryskGokkenSUP 11 City TourCJ MilesHarmony WonderGrutte Priis Formule 1 fan Ruslân 2019IranMarkeartaalJaylene RioGolf op de Olympyske SimmerspullenSeptember ReignSint-Agathatsjerke (Aldegea)1839Lúksemboarchsk1967Krystal SwiftSoarteRocco SiffrediPaulina SeikolaPolo op de Olympyske Simmerspullen 1900Walter BenjaminIepenbiering fan AdamGrafhorst (Nederlân)Porsha CarreraDurk Hobbes fan Baerdt (Haskerlân)Sieds LyklesGroepseks1930Tiffany Towers (pornografysk aktrise)Monumint foar it Swarte Leger (Reims)Orale seksGrytzSlowakijeCocktail (film út 1988)Skiednis fan FryslânUtert (stêd)List fan hûnerassenInga RidereSaya SongOsmaanske RykDialektTwadde WrâldkriichWikipedyCéline DionTony van der MeulenEkshibisjonismeTreron florisHabytJoos de MomperSkermjen op de Olympyske Simmerspullen 1976Annebuorren (It Hearrenfean)PenisGryt van DuinenKya Tropic🡆 More