De Oscars, offisjeel eins de Academy Awards (folút: de Academy Awards of Merit), binne in groep Amerikaanske prizen dy't jierliks yn in grut tal kategoryen útrikt wurde foar bysûndere prestaasjes op it mêd fan 'e film.
It binne wrâlds bekendste en meast prestizjeuze filmprizen, en se korrespondearje yn 'e Feriene Steaten mei oare wichtige prizen op it mêd fan tillefyzje (de Emmys), toaniel (de Tonys) en muzyk (de Grammys). Op it terrein fan pornografyske films hawwe de AVN Awards in ferlykbere status.
Oscar (Academy Award of Merit) | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | film | |
útrikt troch | Academy of Motion Picture Arts and Sciences | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | febrewaris/maart | |
plak | Hollywood (Kalifornje) | |
ynsteld | 1929 | |
1e útrikking | 1929 | |
offisjele webside | ||
www.oscars.org |
De Oscars waarden foar it earst útrikt yn 1929. De tawizing en de útrikking fan 'e prizen wurdt organisearre troch Academy of Motion Picture Arts and Sciences (AMPAS, "Akademy fan Filmkeunsten en -wittenskippen"). De útrikkingsseremoanje, dy't plakfynt yn it Dolby Theatre te Los Angeles (dat foarhinne it Kodak Theatre hiet), is ien fan 'e hichtepunten fan it Amerikaanske tillefyzjejier en wurdt live útstjoerd. De earste tillefyzjeregistraasje wie yn 1953. It is ûnbekend wêr't de bynamme "Oscar" weikomt, al geane dêr in ferskaat fan ferhalen oer, allegear like ûnbewiisber en gauris mar frijwat fiersocht.
De measte kategoryen dêr't in Oskar foar takend wurdt, binne basearre op in wedstrydelemint, al sprekt de Academy of Motion Picture Arts and Sciences leaver fan prizen basearre op "fertsjinste" (merit). Mar hoe't je it ek neame wolle, feit bliuwt dat in Oskar yn 'e measte kategoryen min ofte mear as kampioenskipspriis fungearret. De winners fan 'e Oscars wurde keazen troch de leden fan 'e Academy of Motion Picture Arts and Sciences (foar de "fertsjinste"-kategoryen) of útornearre troch spesjaal dêrfoar gearstalde komitees (de spesjale kategoryen).
Troch de jierren hinne binne ferskaten fan dizze prizen opspjalte yn subkategoryen, lykas "bêste regisseur fan in drama" en "bêste regisseur fan in komeedzje". De Oscar foar "bêste oarspronklike musical" bestiet noch altyd, mar is fanwegen te min gadingmakkers sûnt 1984 net mear útrikt.
(net elts jier útrikt)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Oscar, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.